Sneek - Yn de simmer wurde op in tal plakken festivals hâlden. Oerol op Skylge is ferneamd, de echte toanielleafhawwers sette ek ôf nei de Parade yn bygelyks Rotterdam, Utert of Amsterdam. It ferskil mei wat Tryater mei it Brûst docht, is dat op de Parade koarte foarstellings binne fan trochstrings net langer as trije kertier.
Sneon sette Tryater mei in tal foarpremiêres útein, nei't al in pear dagen yn Maggenhiem, it multyfunksjoneel sintrum, proeffoarstellings hâlden waarden. Yn in parade-êftige setting mei in musykpodium en kreamkes mei sûkerspin, patat en woarst en lytse fiskes.
En sels in clown yn in caravan (Jan Arendz) dy't om de kjeld tsjin te gean in bakje kofje sette woe en prompt foel de stroam en dus alle ljochten op it foarterrein út.
Moof=Oedipus Foar de lytse bern wie der Dixie, in stik oer wachtsjen en pisjen. De jongeren waard ferrast mei Moof en de geregelde teatersbesiker koe mei Diplodocus Deks oan it wurk.
Moof is in eigentiidske bewurking fan it ferneamde, mar útkôge ferhaal fan Oedipus dy't syn heit fermoardet sûnder te witten dat it syn heit is, mei syn mem trout sûnder te witten dat it syn mem is en der letter efter komt wa't hy echt dea makke hat.
Oedipus heart by de toppers ûnder de Grykske trageedzjes. Mar Oedipus is sa njonkenlytsen ek deaspile, want hast alle regisseurs fan kwizekwânsje yn ús lân en fier derbûten ha wolris in bewurking op de planken set.
Dochs ferraste dizze foarstelling. Eelko Venema hie de trageedzje as in televysjeshow delset en dat joech in soad mooglikheden om nuvere saken gewoan te finen. "De regisseur wol it sa" wie de dúdlikste útspraak en oft dy regisseur no Dylaneftige oppergod Zeus wie of Venema dat docht minder ta de saak. As in televyzjeregisseur dat wol, dogge wy alles.
Deks min te ferstean en lang Moof dus nijsgjirrich en ûnderhâlden, Diplokocus wie ús minder nei't sin. Dit stik helle it nivo net dat wy fan Tryater wend binne, alteast net yn in romte as in sporthal. It toaniel wie grut genôch, mar de fersteanberheid koe gjin sprekken lije. Benammen net as der wat fierder fan it publyk ôf spile waard.
In bytse krom wie dat Aly Bruinsma wol mei in mikrofoantsje spile, mar de oaren net. Omdat se yn in skootmobyl siet en oars net boppe it lûd fan de elektromotor útkomme soe? Better hie it west om de oaren ek oan de fersterker te keppeljen.
Boppedat sieten der somtiden te lange monologen yn it stik. Foar it oare knap spile, mar nimmen slagget deryn by de les te bliuwen as men plat l..d wurdt. De projektûntwikkelder Said die dat. En trochdat it stik fan ein nei begjin spile waard, moast de holle goed brûkt wurde om de ferhaalline fêst te hâlden.
It Brûst past yn de nije opset fan Tryater om ris wat oare dingen te dwaan as allinnich stikken yn in skouboarchseal. Ferline jier wie dat de Alvestêdetocht, no dus it Brûst.
Miskien hie in wat koarter stik better west foar sa'n festival eftige opset. In koart buike kin faaks mear ferfrissing bringe.
Henk D.

