Cultuur

Tryater mei teaterfestival It Brûst nei Boalsert

wapenBolsward - Fan 10 oant en mei 13 maart strykt Tryater del yn Boalsert mei it teaterfestival It Brûst. It is in nije toerneefoarm foar Tryater: it selskip stiet meardere dagen op ien lokaasje mei trije nije foarstellingen én in râneprogramma foar alle generaasjes.
It Brûst omfettet trije nije Tryaterfoarstellingen: Dixi foar beukers, MOOF troch Jong Tryater en Diplodocus Deks  foar folwoeksenen. De foarstellingen binne makke troch, mei en foar jong en âld, Frysktalich, Nêderlânsktalich en/of ynternasjonaal.

Râneprogramma Neist de foarstellingen is der in râneprogramma mei ynliedingen, workshops, debatten en feest, oanpast nei de lokale smaak. Op 17 febrewaris is de It Brûst-programmakrante mei dêryn it komplete oersjoch fan de programmearing ferskynt. Dizze krante is fergees ôf  te heljen by it Marne Theater, biblioteken, keunstynstellings, de Gemeente Boalsert en down te loaden op www.tryater.nl.

Oer Diplodocus Deks De jonge Flaamske regisseur Sarah Moeremans (1979) (Productiehuis Rotterdam, MTV Extreem, Blind Date – foarhinne Serie Nieuwe Theatermakers) hat har fêstbiten yn Diplodocus Deks, in teatertekst fan har lângenoat Tom Lanoye, ien fan de meast populaire Flaamske skriuwers fan it momint. It stik, oer de fynst fan in prehistoaryske kaakbonke en wat dat betsjut foar in doarpsmienskip (lês: de ien rûkt jild, de oar wol har lân net ferkeapje), wurdt fan achter nei foaren spile, as wie it in archeologyske rekonstruksje. Sarah wurket foar dizze produksje mei akteurs út it ensemble fan Tryater (Marijke Geertsma en Aly Bruinsma) en mei gastspilers (Alyt Damstra, Hilbert Dijkstra, Thijs Feenstra, Hans Kroodsma, Mirjam Stolwijk (NNT, NT, searje Wilhelmina), Joop Wittermans en Koen Wouterse (NNT, searje Waltz). Rients Gratama tekene foar de oersetting. De foarstelling wurdt op 12 maart Nederlânsk boventitele.

Oer MOOF Ensemblespiler en regisseur Eelco Venema makket mei de spilers fan Jong Tryater, it‘belofteteam’ fan it selsskip, in dynamyske foarstelling oer de ûndergong fan in idoal, frij nei Oedipus fan Sophokles. Haadpersoan MOOF is in jongkeardel yn ‘e krêft fan syn libben. Hy hat it makke, is hot en hat it mei syn heldendieden sels ta kening skopt. Mar as syn stêd pleage wurdt troch hingjongeren, Meksikaanske gryp en Q-koartsgeiten, rekkent it folk mear as op oait op syn held. Kin hy de flok opheffe en syn eigen needlot keare? En doart er de wierheid ûnder eagen te sjen? Jong Tryater bestiet út Romke Gabe Draaijer (Iepenloftspul Jorwert), Karel Hermans, Froukje de Jong, Marijn Korver, Ytsje van der Meulen, Brecht Wassenaar (11Stêdetocht), Marit de Weerd  en Theo Smedes (11Stêdetocht, PeerGroup). De foarstelling is twatalich, de oersetting is fan Romke Toering.

Oer Dixi 4+ Doe’t Tamara Schoppert by de bernefoarstelling Wurd Socht, dy’t Tryateryn 2008 spile, seach hoefolle bern der ûnder de foarstelling nei de WC moasten, en hoe’t kollega-regisseur Jellie Schippers dêr hâlden en kearen mei hie, wie it idee foar Dixi berne. Dixi giet oer wachtsjen en pisjen en pisjen en wachtsjen. Beukers wachtsje wat ôf, wylst tiid harren noch neat seit. Bestiet wachtsjen eins wol foar beukers? Mei Dixi stiet de tiid even stil. It wachtsjen bestiet net mear. Akteurs Servaes Nelissen (Firma Rieks Swarte, Orkater, Theatergroep Max, Toneelgroep Oostpool) en Arnold Dijkstra (út it ensemble fan Tryater) besykje der mei de beukers fet op te krijen. Se binne ûnbefongen, somtiden wat nayf, sels in bytsje clownesk. Se fine gjin wissichheden, mar sjogge wol in protte mooglikheden. Dêrmei rekket de foarstelling ek oan Samuel Beckett’s Wachten op Godot, dat neist de situaasje by Wurd Socht in ynspiraasjeboarne foar dit stik west hat. Peter Sijbenga soarge foar tekstadvys en muzyk en ferskes dy’t kletterje as dyn plas. De foarstelling is twatalich (Frysk en Nederlânsktalich) en is geskikt foar bern fan 4 oant 8 jier. De foartstelling is perfoarst net geskikt foar bern dy’t jonger as 4 jier binne.

Kaarten foar de foarstellingen fan It Brûst yn Boalsert binne te keap by it Gysbert Japicxhûs, 0515-573990 of by Tryater in Ljouwert. Opjaan foar ûnderdielen út it râneprogramma kin op ynfo@tryater.nl.

ck
theater sneek