Cultuur

Sterk Staaltsje

Ha jo in moai ferhaal út doarp of streek?
Fertel it Jan Arendz en Marijke Geertsma

Wylst De earste edysje fan It Brûst (febrewaris – april 2010) troch de provinsje giet, binne de tariedingen fan It Brûst 2011 al oan ’e gong. Jan Arendz en Marijke Geertsma, beide al sa’n 35 jier by Tryater, binne dwaande mei in foarstelling basearre op (persoanlike) ferhalen.
Om de moaiste ferhalen te sammeljen, wurde fan jannewaris ôf op in grut tal plakken yn Fryslân jûnen organisearre om minsken út doarp en streek de mooglikheid te jaan om dy ferhalen te fertellen.
Yn al dy jierren by Tryater, komme Jan Arendz en Marijke Geertsma faak jûn oan jûn yn doarp en stêd, oeral yn Fryslân. Se binne benijd nei de ferhalen achter de minsken. Tryater makket fan de moaiste - al of net wier barde - ferhalen in foarstelling dy’t spile wurde sil yn kroegen yn hast alle gemeenten fan Fryslân by It Brûst 2011.
De ferhalen – anekdoates en sterke staaltsjes – wurde fan jannewaris ôf sammele. Dêrom noeget Tryater alle ynwenners fan de Fryske doarpen en stêden út dy’t tinke in moai ferhaal te hawwen oer in persoan of meardere minsken, oer in foarfal út it ferline of út it no, út doarp, stêd of streek. Lit dizze prachtige ferhalen net ferlern gean.

ck