Politiek
Sneek
Ried yn ’e Tún stiet stiif fan de KULTUER
Op tiisdei 30 juny slút de gemeenteried fan Snits it gearkomsteseizoen 2008-2009 op bysûndere wize ôf. De riedsgearkomste begjint om 17.30 oere yn de riedseal yn it gemeentehûs. Oanslutend wurdt yn ’e binnentún om 19.30 oere de yn in nij jaske stutsen Ried yn ’e Tún holden, dy’t hielendal yn it teken stiet fan de kulturele plannen foar de kommende jierren.
Diskusjetinten
Yn de binnentún fan it gemeentehûs binne twa diskusjetinten delset, dêr’t oan ’e hân fan in stikmannich spearpunten út de yn de riedsgearkomste behannele kultuerfisy ‘Kultuer by heech en by leech’ diskusjearre wurde kin.
Foar de spearpunten ‘Sturen op verbindingen’ (tusken û.o. kultuer en toerisme) en ‘Balans bewaren tussen stad en regio’(de regio as bysûndere kultuerbestimming) binne ûnderskate stellings betocht, dêr’t de oanwêzigen ûnder lieding fan û.o. Arthur Oostvogel, direkteur fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert, oer diskusjearje kinne.
Muzyk en dûns
Foarôf, tuskentroch en nei ôfrin binne der muzyk- en dûnsoptredens, dy’t fersoarge wurde troch learlingen fan it Bogerman Kolleezje en it Sintrum foar de Keunsten. Jan Ruerd Oosterhaven, dy’t okkerlêsten op de ‘International Conference of Young Scientists’ yn it Poalske Pszczyna goud wûn mei syn twa selsboude basgitaren, treedt ek op.
Ut soarte stiet der foar eltsenien ek in hapke en in drankje klear.
De diskusjes en optredens foarmje in oanset ta takomstige kulturele ûntwikkelings yn de gemeente Snits en de nije fúzjegemeente dy’t yn jannewaris 2011 ûntstiet.
Tink derom: Oars as wat yn eardere berjochten stie, begjint de riedsgearkomste net om 17.00 oere, mar om 17.30 yn de riedseal fan it stedhûs oan de Merkstrjitte yn Snits.