ck
Cultuur
Trayters "Gleone Gloede" oan de Snitser Margleone gloede
Snits 22 augustus - Yn in lange rige rinne de minsken optheden efter it rekreaasjestrân de Potten nei de lokaasje dêr't Tryater yn it ramt fan de Snitser Simmer en it Frysk Festival Steinbeck's Gleone Gloede, in Fryske bewurking fan Burning Bright, spilet. locatie
Yn it lân en oan de igge fan de mar binne podia en tribunes boud. It publyk sit yn de iepen loft te sjen nei man dy't gjin bern meitsje kin, syn folle jongere frou dy't alles foar har man oer hat sels it krijen fan in bern fan in folle jongere freon, dy freon en in maat fan de takomstige heit.gleone gloedeEins is it in melodramatysk stik dat net mear fan dizze tiid is. It is skreaun yn 1950 en Steinbeck woe troch it situearjen fan de dielen yn de sirkuswrâld, dy fan de boeren en de binnenskipperij sjen litte dat de problematyk dy't hy behannelt, oerol foarkomme kin. Op 'e foto rjochts Freark Smink en Tamara Schoppert als de man en de frou.
scene
Spilet it earste diel him ôf yn de sirkuswrâld, yn de twadde ferfolcht it ferhaal him yn de boerefermidden. Op it podium dat yn it lân boud is fan lofts nei rjochts Jan Arendz, Tamara Schoppert, Freark Smink en Hilbert Dijkstra as de feint fan de boer en de heit fan it bern dat de boerinne krijt.gloede
Tamara Schoppert wachtet op it podium yn de mar op it publyk, dat nei it lêste diel fan Gleone Gloede komt te sjen.