FNP-Snits wol starterslienings ek foar minsken mei tydlik arbeidskontraktSnits 11 april - De FNP wol dat minsken mei in tydlik arbeidskontrakt ek yn de beneamming komme foar in startersliening. Dy fraach is yn de kommisje steld en sil kommende tiisdei ek yn de ried nei foaren brocht wurde.
In earste wente keapje: foar in protte jonge minsken in ideaal mar net hieltiten betelber. Foarhinne koe men noch wolris foar in gaadlike priis yn Snits wat keapje, mar hjoed de dei binne foar guon starters de wenten eins te djoer. 
Sûnt maart 2007 kinne starters dan ek gebrûk meitsje fan de saneamde Feroardening Starterslienings Gemeente Snits. Dizze regeling is in sukses, sa die bliken op de SOM-gearkomste fan 2 april wêrfan de effekten fan de starterslienings evaluearre binne.
In wichtige eask is dat de starters in fêste oanstelling hawwe. Wy hawwe no frege of dizze regeling ek útwreide wurde kin nei minsken mei in tydlik arbeidskontrakt. It is benammen de jongerein dy't gebrûk meitsje moat fan starterslienings en krekt dizze groep begjint harren libbensrin hast altyd mei in tydlik arbeidskontrakt.
De wethâlder wie net skoatich mei in tasizzing, mar hie lykwols begryp foar de driuwfearen fan de FNP. Hy hat dan ek sein nochris sjen te wollen nei mooglikheden om de regeling oan te passen.
De startersregeling is ornearre foar minsken dy't út in hierwente komme of it âlderlik hús ferlitte wolle en op syn minst 1 jier yn Snits wenne hawwe. Ek minsken fan bûten Snits kinne gebrûk meitsje fan de foarsjenning mei betingst dat hja in ekonomyske of histoaryske bân hawwe mei Snits. It bedrach dat hja liene kin is maksimaal 200.000 euro ynklusyf kosten keaper.

sneek