ck
Cultuur
Nominearre kandidaten Fedde Schurer Publykspriis "on tour" 3 November  - Treinreizgers fan Arriva op it trajekt Snits – Starum kinne woansdei 5 novimber tusken 10.25 oere en 10.52 oere in ûngewoane reis ferwachtsje. De trije nominearre kandidaten foar de Fedde Schurer Publykspriis lêze dan in stik út harren debút foar. De skriuwers reizgje troch hiel Fryslân en sille ek yn ferskillende biblioteken harren ferhaal hearre litte. 
De skriuwers, Jaap Krol, Simon Oosting en Elske Schotanus, geane mei harren boeken on tour yn ‘e Fedde Schurerwagon fan Arriva. It doel is om stimmen binnen te heljen foar it winnen fan de Fedde Schurer Publykspriis. De ynwenners fan Fryslân kinne stimme troch de omparter, dy ‘t yn ‘e grutte biblioteken leit, op te stjoeren nei de provinsje Fryslân. It stimmen kin ek fia it webstee www.fryslan.nl/feddeschurer of troch te sms’en.


De boeken fan de skriuwers dogge mei oan de aksje ‘bookcrossing’. De boeken krije in nûmer. Dat nûmer moat op it webstee fan bookcrossing ynfolle wurde. De boeken binne fan 5 novimber ôf yn ‘e Fedde Schurerwagon te finen. Reizgers dy ‘t de boeken fine, meie dy mei nei hûs nimme en lêze. As de reizger it boek út hat, kin hy of sy it boek op in oar plak dellizze. Sa kin in oar it boek wer meinimme.
Op it webstee kinne de reizgers ynfolje wêr’t se it boek fûn ha. Sa wit dejinge dy’t it boek efterlitten hat dat it boek yn goede hannen is. De reizgers kinne ek in koarte resinsje oer it boek skriuwe. 
Fierders sil Elske Schotanus woansdei fan healwei twaën oant kertier foar twaën foarlêze yn de Snitser Bibleteek.
De Fedde Schurer Publykspriis is in literatuerpriis dy’t útrikt wurdt oan in auteur foar syn of har debút. Dat jildt sawol foar it earste wurk as foar it earste wurk fan in auteur yn in foar him of har nij sjenre. De winner krijt in oarkonde en in bedrach fan € 2.000,-.