
Cultuur
Muzyk Maskelyn Trofee 2008
foar Hindrik van der Meer Goaiïngea 20 septimber - Hindrik van der Meer (1938) út Goaiïngea had hjoed de Muzyk Maskelyn Trofee 2008 fan Omrop Fryslân útrikt krigen. Dizze trofee fan it Radioprogramma Muzyk Maskelyn wurdt geregeld útrikt oan immen dy’t fan grutte betsjutting is of west hat foar de amateuristyske muzykbeöefening yn Fryslân. De priis wurdt útrikt op it 40ste Jeugdorkesten Festival, dat fannemiddei hâlden wurdt yn it ‘Cultuurcentrum’ oan de Dirk Boutstrjitte 36 yn Ljouwert (Huzum).
Hindrik van der Meer waard grut yn Bantegea en folge de ûnderwizersoplieding oan de Kristlike Kweekskoalle yn Snits. As ûnderwizer wurke hy mei syn frou Beitske Stavenga yn begjin jierren 60 by de Papoea’s yn Nederlânsk Nieuw-Guinea. Werom yn Fryslân waard Van der Meer nei fierdere stúdzje learaar muzyk oan deselde Kristlike Kweekskoalle fan Snits.
Yn de jierren 70 en 80 kaam Hindrik van der Meer mei syn famylje geregeldwei yn de Studio fan Radio Fryslân om foar de Skoalradioprogramma’s eigenmakke bernelieten te sjongen . Dêrnei folgen bondels en elpees mei bernelieten sa as ‘Retteketet Tsjyng Boem’ en ‘Hege Wier 10’.
Hindrik van der Meer hat hieltyd de Fryske taal as kommunikaasjemiddel brûkt en besocht op in sa ûntspannen mooglike wize de minsken derby te belûken. Dat is mar in lyts part fan syn grutte oeuvre. Dêrneist kin nammentlik ek tocht wurde oan syn musicals lykas ‘Simson’ en ‘Joazef Master Dreamer’.
Sûnt 2006 hat Hindrik van der Meer it ‘Kwartettekoar’ yn it libben roppen om fernijing te stypjen yn de Fryske liturgy. Frysk sjonge die Van der Meer ek mei Sjongploech ‘Auke Roukes’ (1990-2006). Tefolle om op te neamen dus. Syn stimulearjen fan sawol jong as âld, sawol yn as bûten de tsjerke, troch it brûken fan it de Fryske taal yn de muzyk, wie foar de redaksje fan Muzyk Maskelyn reden genôch om Hindrik van der Meer dit jier de trofee ta te kennen.