|
Politiek |
POLITYK MANIFEST FNP Wymbrits
FNP Wymbritseradiel: “BOARGERS SJITTE NIKS OP MEI WERYNDIELING”Neffens rapporten soe de gemeente Wymbritseradiel mei oare gemeenten yn de Súdwesthoeke ta ien grutte super - gemeente gearfoege wurde moatte. ‘Omdat we it oars net rêde’. Mar der is niks mis mei de bestjoerskrêft fan Wymbritseradiel!
It firus fan de weryndieling giet hjir rûn en elkenien mient meidwaan te moatten. FNP Wymbritseradiel wol gjin weryndieling, de bestjoerskrêft fan Wymbritseradiel is goed. De FNP wol boarch stean foar de kwaliteit fan tsjinstferliening, in werkenber bestjoer dat ticht bij de minsken stiet, wêryn de eigen plattelânsidentiteit in wichtich plak ynnimt. De oare partijen hawwe harren al útsprutsen foar weryndieling; noch fóardat de offisjele diskusje plak fynt. Hja fine it ek net nedich dat boargers troch in referindum stimme meie oer de takomst fan harren eigen gemeente. Hoe sa demokrasy? Heech tiid foar in Manifest. FNP Wymbritseradiel ferklearret dat : 1. De minsklike maat liedend wêze moat De ôfstân tusken polityk en ynwenners wurdt by weryndieling grutter In wichtich neidiel fan weryndieling is dat direkte kontakten tusken boarger en bestjoerder folle dreger wurde. De boarger fielt him net mear belutsen bij de polityk. Noch altiten wurde dizze neidielen fuortwiuwd as sentiminteel en wint it sifermjittige effisjinsje tinken it. Mar de sifers toane júst oan dat weryndieling allinnich mar ta mear kosten liedt. Boppedat is in gemeente gjin bedriuw, de boarger is net allinnich mar klant. Boargers wolle ek in werkenber bestjoer dat ticht bij de minsken stiet, oansprekber is, dat minsken begrypt en belûkt bij de beslútfoarming. Us bestjoerders binne op de hichte fan de lokale situaasje. It is net foar neat dat yn Fryslân it opkomst - persintaazje foar de gemeenteferkiezingen noch fier boppe in lanlik gemiddelde leit. It is net foar neat dat de beliedsmakkers út Den Haach wei komme te sjen hoe oft wij ús “civil society” ynrjochte hawwe. We soene dochs gek wêze om dat foardiel fuort te smiten?! FNP Wymbritseradiel ferklearret dat : 2. Gemeentelike lêsten mei skaalfergrutting omheech fleane Neidielen oan weryndieling binne ûnder oare mear needsaak foar koördinaasje en tafersjoch, lês: mear burokrasy. Fan gemeentlike weryndieling is bekend dat it oantal amtners allinnich mar tanimme sil. De lêsten fleane omheech en besunigings komme wer yn byld. It kin ek oars, gewoan tûk buorkje dat is alles. FNP Wymbritseradiel ferklearret dat : 3. Yn in super – gemeente minder omtinken is foar de boargers, bedriuwen en foarsjennings yn de doarpen Der wurde nó noch wenten en bedriuwen nei aard en skaal yn de lytse doarpen boud, yn ‘e takomst by ‘sintrumplakken’. Boargers, bedriuwen en ferienings binne woartele yn de mienskip. Hjir wurdt mei nocht wenne, wurke en libbe. De measte ynwenners, fan de stêd Drylts en de 27 doarpskearnen wolle graach opgroeie en âld wurde yn harren eigen plattelâns mienskip. Pleatslike bedriuwen binne hjir ûntstien en hawwe hjir in goede namme en harren fêste klantekring opboud. Der komt minder omsjen nei bestjoeren fan ferienings dy’t aktyf binne op it mêd fan sport, wolwêzen, sûnensoarch, kultuer en polityk. Harren bydrage oan soarch, rekreaasje, aktyf boargerskip en it maatskiplik wolwêzen is net mear fuort te tinken. Yn in grutte ûnpersoanlike gemeente wurde sokke typyske plattelânswearden net beleane, mar ferdwine yn de grutte grize massa. Tiisdei 19 febrewaris diskusjearret de ried fan Wymbritseradiel oer de takomst fan Wymbritseradiel. FNP Wymbritseradiel ropt alle kollega - riedsleden op : Nim gjin ûnferantwurde ûnomkearber beslút. Lês jim ferkiezingsprogram der op nei en kom nei wat jimme beloofd hawwe. Hawwe negative ûntwikkelings yn de sûnenssoarch, ûnderwiis, wetterskippen en nutsbedriuwen jim no nóch de eagen net iepene? Alle tiid, jild en enerzjy moat fanôf hjoed wer stutsen wurde yn de takomst fan Wymbritseradiel. Sicco Rypma |
![]() |